
In oersjoch fan it nijs yn septimber 2009.
It Ljouwerter Stedshūs hie op de Europeeske Dei fan de Talen, op sneon 26 septimber, har doarren iepen foar it publyk. Der wienen yn it stedshūs dy deis ferskate aktiviteiten organisearre rūn it tema Europeeske Dei fan de Talen. De iepen dei bea oan ferskate organisaasjes de gelegenheid harren te presintearen, sa ek foar it Mercator Kennissintrum.
Yn meardere sealen fan it stedshūs toanden taalorganisaasjes sa as Afūk, Tresoar, Fryske Akademy, Mercator Kennissintrum, It Berie foar it Frysk, Europeesk Buro foar Lytse Talen, Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK), de Ried fan de Fryske Beweging en it Konsultatyf Orgaan harren wurk. Ek wienen der ferskate optredens, sa as dy fan Basile Maneka Lukadi en Tsjźbbe Hettinga, Hein Jaap Hilarides en de Reboud Boogie Bent, Chaoqun Yan, Shanoz Ahmadi, Carolien Hunneman, Debby Reyes en Attie Nijboer en Johan Veenstra fan de Stellingwarver Schrieversronte.
De Iepen Dei kin mei hast 500 besikers in sukses neamt wurde.