Personal tools
You are here: Frisian/Frysk

Frisian/Frysk

It Mercator Netwurk is opset om safolle mooglik ynformaasje, ûnderfinings en goede praktykfoarbylden út te wikseljen op it gebiet fan it taallearen en taalferskaat. It Mercator Netwurk tsjinnet as in boarne foar wittenskippers, studinten en beliedsmakkers, ek om harren te ynformearjen oer ûntjouwings yn it taalbelied fan nasjonale en regionale oerheden.

It Mercator Netwurk wol bydrage oan it fersterkjen fan de bekendheid mei, en it bewustwêzen oer ûnderwerpen fan it taalbelied, by sprekkers fan minderheidstalen, sprekkers fan lytsere steatstalen en alle oaren. It giet op it lêst om it befoarderjen fan goede gearwurking en it elkoar better ferstean wollen en kinnen.

De fokus leit benammen op wittenskiplik ûndersyk, mar der is ek omtinken foar it bredere wurk fan ynstellings dy’t dwaande binne mei taallearen yn de ûnderskate EU-lidsteaten, lykas it meiwurkjen oan de ymplemintaasje fan nije ûnderwiismodellen.

De kommunikaasje fan it Mercator Netwurk mei de doelgroepen fynt plak troch konferinsjes en wurkwinkels, mar ek troch middel fan publikaasjes en de oanwêzichheid online op www.mercator-network.eu.


 

Powered by Plone, the Open Source Content Management System